Spannende dei foar KH2018

02 sep 2013 - 09:57
  • KH 2018

In sjuery is moandei yn Ljouwert om te besjen oft dy stêd der klear foar is om yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. It is dan ek in spannende dei foar de organisaasje. De sjuery hat sliept yn it Stenden-hotel en hat moarns in byienkomst mei it bedriuwslibben. Yn it Fries Museum stiet de presintaasje fan 35 projekten op it programma en dêrnei stiet de lunsj klear yn it Stadhouderlijk Hof.

Middeis giet de sjuery de helikopter yn om fanút de loft te besjen hoe't it der hinne leit. De dei wurdt ôfsletten mei in parsekonferinsje.

Freed 6 septimber wurdt bekend hokker stêd úteinlik Kulturele Haadstêd yn 2018 wurdt: Eindhoven, Maastricht of Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)