Spannende dei foar hurdfytser Lieuwe Westra yn foarútsjoch

13 jul 2015 - 12:51

Moarn wurdt dúdlik oft kopman Vicenzo Nibali fan de Astana-ploech fit genôch is om mei te dwaan foar de einoerwinning yn de Tour de France. Dan is de earste berchetappe yn de Pyreneeën. Foar hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje, dy't as knecht fan Nibali meifytst, wurdt it dus spannend. Westra hat moandeitemoarn in pear oeren mei syn ploechmaat fytst.

Astana belibbet net in gelokkige Tour. Nibali stiet al 2 minuten en 22 sekonden achter op gieletruidrager Chris Froome. Dy achterstân komt foar in grut part troch de ploegetiidrit fan snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)