Spannende dei foar Hendrik ten Hoeve. Komt er yn de senaat?

26 maaie 2015 - 11:48

It is tiisdei in spannende dei foar FNP-er Hendrik ten Hoeve fan Stiens. Alle Provinsjale Steaten yn Nederlân kieze de nije Earste Keamer. Ten Hoeve is kandidaat-keamerlid. Hy stiet op nûmer ien op de list fan de OSF, de Onafhankelijke Senaatsfraksje. Dat is in gearwurkingsferbân fan regionale partijen. As Ten Hoeve keazen wurdt, kin it wêze dat er yn de Earste Keamer in wichtige rol kriget. It kabinet kin dan in berop op him dwaan omdat it gjin mearderheid hat yn de senaat.

De útslach wurdt tongersdei bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)