Spannend wykein foar meiwurkers Ljouwerter rjochtbank

28 aug 2015 - 11:42
  • Rjochtbank Ljouwert

It wurdt opnij in spannende tiid foar de meiwurkers fan de Ljouwerter rjochtbank, want moandei presintearret de Ried foar de Rjochtspraak in húsfestingsplan dêr't yn stiet dat sân rjochtbanken yn it lân tichtgean. Guon oare, wêrûnder dy yn Assen, bliuwe allinnich iepen foar lytsere saken. Dat hat advokaat Rob Oude Breuil út namme fan de Oarder fan Advokanten yn Oerisel tongersdei sein.

De rjochtbank Ljouwert stiet net op it listje, mar wat de sluting fan Assen krekt foar de Ljouwerter rjochtbank betsjutte kin is noch net dúdilk.

Op de rjochtbank fan Almelo hawwe meiwurkers freed it wurk spontaan in skoft dellein út protest tsjin it foarnimmen om de rjochtbank dêr te sluten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)