Spanjer moat wurden weromnimme

18 feb 2010 - 17:41
  • Maarten Spanjer yn syn rol as boerefeit Gerben Zonderland

Akteur Maarten Spanjer moat sneon yn in artikel yn de Telegraaf syn wurden weromnimme dat filmprodusint Klaas de Jong in oplichter is. Dat hat de rjochtbank fan Amsterdam bepaald.

Spanjer hat de filmprodusint yn ynterviews in pear kear útmakke foar oplichter. Beiden ha gearwurke by it meitsjen fan Kameleonfilms. Spanjer seit dat er noch jild tegoede hat fan De Jong. De rjochter fynt dat de akteur dat wol sizze mei, mar it wurd oplichter giet te fier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)