Spandoekferbod Fean bliuwt

30 sep 2010 - 17:08

As de sfear yn it stadion wer better wurdt, meie der mooglik ek wer grutte spandoeken meinaam wurde. Dat seit direkteur Veenstra fan fuotbalklup SC Hearrenfean. Foarearst bliuwt it ferbod op spandoeken fan krêft.

It ferbod jildt nei't it ferline wike tiisdei misgie by de wedstriid tsjin Emmen. De fans dy't dêrby wiene, hawwe in brief krige. Dêr stiet yn dat grutte spandoeken by de wedstriden net mear tastien binne. Der is dan net te sjen wat de minsken dêrachter dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)