Spaltenbrêge wer klear

23 aug 2012 - 11:16
  • De brêge yn Terwispel

De Spaltenbrêge by Terwispel kin wer betsjinne wurde, dat lit de provinsje witte. De brêge hie sûnt ferline wike te krijen mei in technysk mankemint. Omdat er in wichtige tagong foarmet foar de Turfrûte waard er iepen set, sadat boaten der wol lâns koene. Ferkear op 'e dyk moast lykwols omride. Dat hoecht fan no ôf net mear, omdat de brêge reparearre is. Dat is earder as de provinsje tocht hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)