Spaanske obligaasjes provinsje

16 aug 2011 - 10:31

De provinsje Fryslân hat foar 1 miljoen oan Spaanske obligaasjes. Dat docht bliken út in ûndersyk fan RTLZ. De televyzjestjoerder hat ûndersocht hoefolle jild oft Nederlânske provinsjes yn swakke Europeeske lannen lykas Spanje, Portugal, Italië en Ierlân út te stean hawwe.

Oerissel hat mei 85 miljoen oan obligaasjes en lienings it measte. Limburch hat dêr ek in soad jild. Fryslân en Utrecht ynvestearren it minste, acht provinsjes hielendal neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)