Spaanske kij bestride rûchte op Skiermûntseach

12 des 2015 - 11:52
  • Spaanske ko

It giet goed mei de seis Sayaguesa kij dy't ein oktober loslitten binne op Skiermûntseach. It seldsume en mei útstjerren bedrige Spaanske ras wurdt dêr ynset om de rûchte te bestriden. Dat liket no al goed te slagjen. De kij binne gewoanwei te finen yn droege berchgebieten, mar lûke har neat oan fan al it wetter op it eilân neffens boskwachter Cynthia Borras.

De kij kinne net oeral komme; sy binne ynrastere. Minsken en bisten moatte noch wol wat oan elkoar wenne, mar yn oare gebieten smyt soks ek gjin problemen op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)