Spaanske ferwûne by botsing

08 okt 2007 - 10:44

In frou fan 55 jier út it Spaanske Tazacorte is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding op 'e Lemmer. It slachtoffer ried yn har auto achter twa oare auto's. Se seach te let dat dy auto's stil stiene en klapte der achterop.

De frou hie ferskate ferwûnings. Se is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De oare bestjoerders kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)