Spaansen nije wike wer los

09 maaie 2012 - 14:50

De brân fan tiisdei by it sân- en grintbedriuw Spaansen yn Harns hat minder skea feroarsake as earst tocht. De produksjeline foar it waskjen en seven fan sân is yntakt en sil nije wike wer draaie.

De grintproduksje leit de kommende tiid stil omdat de masjines ferlern gien binne. Spaansen keapet no earst grint by bedriuwen yn it bûtenlân. Nije wike wurdt it guod mei in skip nei it fabryk brocht. Sadwaande kin it Harnzer bedriuw dochs grûnstoffen oan betonfabriken leverje. De skea troch de brân wurdt rûsd op 2,5 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)