SP wol Technasium yn Fryslân

23 nov 2007 - 15:39
  • In oplieding op in Technasium soe Fryske bern in foarsprong jaan kinne

De SP fynt dat der in Technasium komme moat yn Fryslân. In technasium is in nije ûnderwiisfoarm, dêr't bern op VWO-nivo mei technyk dwaande wêze kinne. Dat gebeurt op in praktyske wize.

Der is in soad fraach nei technisy op in heger nivo. In oplieding op in Technasium soe bern in foarsprong jaan kinne. Boppedat makket in Technasium it neffens de SP foar studinten oantrekliker om yn Fryslân te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)