SP wol spoeddebat oer thússoarch yn Súdwest-Fryslân

15 des 2015 - 12:24

De SP fan Súdwest-Fryslân wol kommende tongersdei in spoeddebat hâlde oer de thússoarch yn de gemeente. Earder sei thússoarchorganisaasje Thuiszorg ZWF it kontrakt mei de gemeente op, om't der te min betelle waard. Dêrtroch sitte 600 meiwurkers en alle kliïnten yn it ûnwisse oer de takomst.

De gemeente moat mear jild útlûke om de thússoarch te rêden, sa fynt de SP. Ek pleitet de partij foar in gemeentlike thússoarchorganisaasje, om sa de konkurrinsje yn de soarch ferdwine te litten en in garânsje te hawwen foar goede soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)