SP wol mear jild foar plysje

20 feb 2009 - 15:30
  • SP: Plysjekorps Fryslân moat jild út Den Haach krije

De Twadde Keamerfraksje fan de SP wol dat it kabinet it plysjekorps fan Fryslân finansjeel stipet. SP-keamerlid Van Raak neamt it in minne saak dat it korps gjin nije plysjes oannimme kin troch de finansjele problemen. Hielendal omdat Fryslân dochs al te min plysjes hawwe soe.

Van Raak wol ek dat minister Ter Horst foarkomt dat der plysjeburo's ticht moatte yn Fryslân. Hy fynt dat de Fryske plysje mear jild ha moat om't de Waadeilannen der ek by hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)