SP wol GGZ yn Snits iepen

27 okt 2008 - 14:05

De Socialistische Partij yn de Twadde Keamer wol dat minister Klink fan Folkssûnens de psychiatryske ôfdieling fan it Antoniussikehûs yn Snits iepenhâldt. De GGZ-ôfdieling fan it sikehûs giet ticht omdat der te min psychiaters te finen binne.

It sikehûs hâldt wol in eigen, lytsere psychiatryske ôfdieling. De SP is bang dat de soarch yn Snits en omjouwing yn de knipe komt en wol dat de minister maatregels nimt om lanlik it tekoart oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)