SP wol asbestûndersyk

01 apr 2008 - 07:34

Der moat ynventarisearre wurde yn hoefolle publike gebouwen yn de gemeente Ljouwert asbest ferwurke is. Dat wol de riedsfraksje fan de SP. As earste moatte skoallen ûndersocht wurde, fynt de partij. As dêr asbest oantroffen wurdt, moatte de gebouwen yn de simmerfakânsje sanearre wurde.

Yn 1994 kaam der in ferbod op it brûken fan asbest. Lêsten waard dúdlik dat der yn gebouwen dy foar dy tiid boud binne, noch in soad asbest sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)