SP: 'WMO brûkt foar oare saken'

04 mrt 2006 - 11:20

De SP is benaud dat Ljouwert it jild foar de nije Wet Maatschappelijke Ondersteuning (WMO) brûkt foar it projekt Nieuw Zaailand. Dat sei Twadde Keamerlid Agnes Kant freed op in sprekbeurt by de SP-ôfdieling Ljouwert.

De SP is net bliid mei de nije wet. Gemeenten moatte de sinten foar de WMO útjaan oan foarsjenningen foar bygelyks âlderen en handikapten, mar Den Haach hat dêr fierder gjin kontrôle op. Gemeenten kinne der sels oer beslisse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)