SP wierskynlik net yn DS

19 apr 2007 - 11:12
  • Ad vd Kolk neamt Sintrale As stroffelstien foar SP

It sil foar de SP suver 'ûnmooglik' wurde om de kommende fjouwer jier mei te dwaan yn it kolleezje fan DS. Dat seit fraksjefoarsitter Ad van de Kolk yn reaksje op it koersdokumint dat CDA en PvdA tongersdei presintearren.

Foar de SP is it in stroffelstien dat fêsthâlden wurdt oan de komst fan de Sintrale As, de dyk tusken Dokkum en Nyegea. Tongersdeitejûn sil de SP definityf bepale oft se ôfsjogge fan fierdere petearen mei CDA en PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)