SP twadde partij fan Ljouwert

22 nov 2006 - 22:56

De PvdA hat woansdei yn Ljouwert 8 % ferlern, mar is mei in lytse 33 % noch wol de grutste partij yn de Fryske haadstêd. De SP waard de twadde partij fan Ljouwert mei 21,7 %, in winst fan 12,6 % yn ferliking mei 2003.

It CDA is no de tredde partij fan Ljouwert mei 17,4 %. De VVD buorke achterút; fan 12,4 nei 9,9 %. Yn Ljouwert wie der fierder winst foar de ChristenUnie (+ 2 %) en Wilders, dy't 3,5 % skoarde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)