SP tsjin aksje De Friesland

25 jan 2014 - 12:19
  • Twadde Keamerlid Renske Leijten fan de SP

Twadde Keamerlid Renske Leijten fan de SP hat keamerfragen steld oer in aksje fan soarchfersekerder De Friesland. Dy biedt studinten dy't in fersekering ôfslute in skjinmakster oan. De aksje is de SP yn it ferkearde kielsgat sketten. Neffens de partij moat jild foar de soarch ek foar soarch ynset wurde.

Studinten moatte har eigen keamer mar sels skjinmeitsje, is SP'er Renske Leijten fan betinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)