SP: stipe foar muzykskoalle

17 okt 2009 - 10:22

De gemeente Hearrenfean moat syn ferantwurdlikheid nimme en it Keunstesintrum A7 rêde. Ek de provinsje soe de mei finansjele tekoarten wrakseljende muzykskoalle stypje moatte. Dat fynt de SP-steatefraksje.

Neffens fraksjefoarsitter Ad van de Kolk stoart de gemeente de 130 meiwurkers yn de bystân troch finansjele stipe te wegerjen. De SP fynt dat soks yn dizze tiid fan de ekonomyske krisis net kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)