SP stelt kieslist fêst

17 nov 2002 - 00:00

De SP-ôfdieling Fryslân hat sneon de list foar de steateferkiezings fan maart 2003 fêststeld. De SP komt mei in list fan 20 nammen. Hanny Lehmann fan Ferwert is listlûker, Piet Kuipers fan Drachten stiet op it twadde plak.

De SP docht foar it earst yn Fryslân mei oan steateferkiezings. De partij hie fjouwer jier lyn noch te min kader. Dat probleem is no oer; de SP seit yn Fryslân al 1.000 leden te hawwen 'mei in soad talint', sa seit Lehmann.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)