SP stelt keamerfragen oer ûnderwiisorganisaasje Roobol

27 maaie 2015 - 14:24
  • Twadde Keamerlid Tjitske Siderius fan de SP

De SP hat keamerfragen steld oer ûnderwiisorganisaasje Roobol út Bûtenpost. De fraksje fynt dat steatssiktaris Sander Dekker de skoalkoepel twinge moat in kritysk ûndersyksrapport oer it funksjonearjen fan de ried fan tafersjoch iepenbier te meitsjen. Dat rapport waard makke nei krityk fan âlden op de direksje fan Roobol.

De direksje stjoerde de populêre direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle yn Dokkum nei hûs. Troch it rapport moast bestjoerder Trees Galama fan Roobol sels opstappe.

De SP sjocht yn de gong fan saken by Roobol it bewiis dat skoalbestjoeren mei rieden fan tafersjoch net wurkje. Sy fynt dat de meisizzenskipsrieden in gruttere rol krije moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)