SP stelt keamerfragen oer tekoart Fryske jeugdsoarch

12 jun 2015 - 10:52
  • Twadde Keamerlid Nine Kooiman fan de SP

Twadde Keamerlid Nine Kooiman fan de SP hat keamerfragen steld oer de driigjende tekoarten by Fryske gemeenten troch de jeugdsoarch. Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert luts dêr dizze wike oer oan de belle. It docht bliken dat 60 oant 70 % fan de gemeenten yn de reade sifers bedarret. Allinnich Ljouwert tinkt oan de ein fan dit jier al 3 oant 5 miljoen euro yn de min te kommen.

Kooiman wol fan steatssiktaris Van Rijn wite hoe't hy dit oplosse wol en hoe't hy de soarch oan de bern op de groeiende wachtlisten garandearje kin.

De oarsaak fan it tekoart is neffens Thea Koster dat it Ryk by de tawizing fan it budzjet oan gemeenten ferâlderde sifers út 2012 brûkt hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)