SP: soargen oer needopfang

27 des 2007 - 10:00

De SP makket him grutte soargen oer de minsken dy't op it stuit opfongen wurde yn de needopfang yn Wytmarsum. Oer fjouwer dagen wurdt dêr de elektrisiteit en it gas definityf ôfsletten en dat betsjút dat de bewenners yn de kjeld komme te sitten.

Der is in grutte betellingsefterstân en it liket der net op dat de needopfang dit sels oplosse kin. De SP wol byneed om de tafel mei Essent en Nuon om dit foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)