SP: ''Skeafergoeding by te let útbeteljen PGB"

19 jun 2015 - 21:02
  • Twadde Keamerlid Renske Leijten fan de SP

Der moat sa gau mooglik in skeafergoeding komme foar minsken dy't te let harren PGB-jild krije. Dat wol Twadde Keamerlid Renske Leijten fan de SP. Sy reagearret dêrmei op de útspraak fan de rjochter. Dy stelde freed in frou út Frjentsjer yn it gelyk yn in koart pleit tsjin de Sociale Verzekeringsbank (SVB).

De frou krige har jild te let en kaam dêrtroch yn de finansjele problemen. De rjochter oardielde dat deselde regels jilde as wannear't wurknimmers te let betelle krije. Dêrom hat de frou rjocht op in hegere fergoeding.

Om foar te kommen dat folle mear minsken yn de problemen komme, wol Leijten de skeafergoeding ynstelle. Dy moat de sosjale fersekeringsbank sels betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)