SP: regionale media fersterkje

25 nov 2013 - 15:34
  • SP-Twadde Keamerlid Jasper van Dijk

De SP wol de regionale media stypje troch Regionale Mediasintra op te rjochtsjen, dêr't alle regionale media yn gearwurkje kinne. Twadde-Keamerlid Jasper van Dijk fan de SP hat moandei in foarstel foar sa'n regionaal mediasintrum dien by it debat oer de mediabegrutting yn de Twadde Keamer. It ryk soe sokke sintra stypje moatte.

Troch de besunigings en de krisis binne in soad mediabedriuwen minder goed by steat om it wurk fan gemeente- en provinsjebestjoeren kritysk te kontrolearjen en dat is net goed foar de demokrasy, sa mient de SP'er.

Yn Nederlân bestean al op in pear plakken inisjativen foar regionale mediasintra. Dat is ûnder oare yn West-Brabân it gefal. Dêrmei is noch net sein dat de pilot foar in regionaal mediasintrum ek nei Brabân giet. Wat him oanbelanget kinne alle provinsjes plannen ûntwikkelje en beslút steatssiktaris Dekker hokker regio de pilot krijt. Van Dijk ferwachtet dat der wol in mearderheid is foar sa'n foarstel, benammen omdat de soargen oer de ferskrieling fan de regionale parse troch in soad partijen dield wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)