SP-protest tsjin Van Rijn

02 okt 2014 - 09:50

De SP yn Fryslân protestearret tongersdeitemoarn yn Drachten tsjin de plannen fan steatssiktaris Van Rijn. Hy makket in toer troch it lân om syn soarchplannen ta te ljochtsjen. Under oare de jeugdsoarch komt fan takom jier ôf ûnder ferantwurdlikheid fan de gemeenten.

De eangst is dat dit in soad problemen opsmite sil. Ek op oare plakken hawwe al protesten west tsjin de feroarings yn de soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)