SP: Nuon-oandielen net te keap

14 jan 2009 - 12:00

De steatefraksje fan de SP yn Fryslân wol dat de provinsje de oandielen fan Nuon net ferkeapet. Mocht in mearderheid fan 'e steaten dochs foar ferkeap wêze, dan soe it Ryk de bêste keaper wêze, sa fynt de SP.

Woansdei wurdt yn 'e steaten fan Gelderlân praat oer de oername fan Nuon. Gelderlân hat 45% fan 'e Nuon- oandielen. De útkomsten yn Gelderlân binne ek fan belang foar Fryslân. De SP wol út prinsipe dat it Ryk Nuon oernimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)