SP net yn Súdwesthoeke

06 sep 2010 - 08:31
  • De SP docht net mei oan de ferkiezings fan novimber

De SP yn Snits docht yn novimber net mei oan de ferkiezings yn de nije gemeente yn de Súdwesthoeke. De partij krijt gjin tastimming fan it lanlike partijbestjoer. Neffens it haadburo is de ôfdieling yn Snits net genôch op sterkte om meidwaan te kinnen.

De partij yn Snits is swier teloarsteld yn it stânpunt fan it lanlike partijbestjoer, mar leit him der wol by del. De SP Snits wol yn de takomst dwaande bliuwe mei sosjale ferbetteringen yn de nije gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)