SP net nei ôffaloven

06 jun 2011 - 14:56

De SP sil dizze wike net in besite bringe oan de ôffaloven yn Harns. Dat seit steatelid Maria de Vries fan de SP. Omrin hat foar no woansdei alle steateleden en de parse útnoege om nei Harns ta te kommen, sadat eltsenien sjen kin hoe't de oven wurket.

De Vries stelt lykwols dat de steaten har allinnich mar ynformearje litte moatte troch de provinsje. In besite is neffens de SP net needsaaklik en hat neffens de partij mear wei fan in 'sjarme offensief' fan Omrin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)