SP net iens mei útstapke Steaten

17 maaie 2003 - 00:00

De Steatefraksje fan de SP hat argewaasje fan twa útstapkes fan de Steatefraksjes. Ein maaie binne se útnoege foar in ynformele byienkomst op it steatejacht Friso. Ein juny is der in sylwedstryd, dêr't de steatefraksjes ek foar útnoege binne.

De partij fan Hanny Palmen wol witte wat it kostet. De fraksje freget him ek ôf wat de tripkes tafoegje oan de taak fan folksfertsjintwurdiger. De SP hat al witte litten net mei te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)