SP net by ferkiezings Ljouwert

25 apr 2013 - 15:12
  • SP

De SP docht net mei oan de gemeenteriedsferkiezings dit jier yn Ljouwert. De partij hat sûnt 2010 gjin sit mear yn de gemeenteried fan Ljouwert, nei't it iennichste riedslid de oerstap makke nei de nije partij Verenigd Links/Feriene Lofts.

Neffens de SP binne der wol goede kandidaten mar moatte dy earst better oplaat wurde foar it politike wurk. De SP neamt it spitich dat der no by de kommende ferkiezings yn Ljouwert net mear op in linkse partij stimd wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)