SP: net besunigje op plysje

14 mrt 2010 - 11:45
  • De plysje kin net mei minder jild ta, fynt de SP yn Snits

Der moat net besunige wurde op de plysje. Dat fynt de SP yn de gemeenteried fan Snits. De fraksje tsjinnet by de riedsgearkomst op tiisdei in moasje yn fan dy strekking.

De moasje ropt op om oan te sluten by it ferset yn Gelderlân en Noard-Brabân tsjin besunigingen op it plysjewurk. Dêr binne 40 boargemasters yn aksje kaam. Yn Fryslân sit de plysje mei jildkrapte en de SP fynt dat der net noch mear jild ôf kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)