SP: "Minder besunigje op regionale omroppen"

08 okt 2015 - 17:59

Der moat minder besunige wurde op de regionale omroppen. Dat seit de SP yn de Twadde Keamer. De Keamer praat tongersdeitejûn oer de nije mediawet fan steatssekretaris Sander Dekker. Ien fan de ûnderdielen fan dy nije wet is dat de regionale omroppen mear gearwurkje moatte, omdat se meielkoar 17 miljoen euro besunigje moatte.

Neffens de SP giet dat bot ten koste fan de redaksjes, dy't sadwaande har wurk as waakhûn fan de demokrasy net mear goed útoefenje kinne. Der moat dêrom flink minder besunige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)