SP-listlûker is megafoan kwyt

14 feb 2011 - 11:21
  • Jos van der Horst (R) mei Emile Roemer

De megafoan siet yn 'e stellen auto fan SP-listlûker Fryslân Jos van der Horst. De Drachtster hie syn Fiat Punto snein parkeard by Burgers Zoo yn Arnhim. Doe't de SP'er oan de ein fan de middei werom kaam op it parkearplak wie de Punto fuort. Van der Horst wie yn 'e bistetún yn ferbân mei de lânlike ôftraap fan de steateferkiezings fan syn partij.

Der wie wol in ljochpuntsje, want in man op it parkearplak brocht Van der Horst hielendal werom nei Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)