SP-leden beslute oer riedslid

23 okt 2007 - 12:10

De SP Smellingerlân besprekt tongersdei yn in bysûndere gearkomste de kwestje-Petra Kramer. Dan kinne de leden beslute om har offisjeel te freegjen har riedssit yn te leverjen.

Gemeenteriedslid Kramer soe har fanwege drankgebrûk net oan ôfspraken hâlden ha. Sy sels ûntkent dat der swierrichheden binne en se wegeret har sit op te jaan. Kramer is frege in ferklearring te ûndertekenjen oer har gedrach yn it útgeanslibben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)