SP-keamerfragen oer ôffaloven

01 jul 2009 - 10:59

De SP yn 'e Twadde Keamer stelt fragen oan minister Cramer fan miljeu oer de nije ôffaloven yn Harns. De partij freget de minister om de fergunningen foar de bou fan de oven opnij te besjen. En oft se eventueel de bou stillizze wol oant dúdlik is oft de loftkwaliteit ek oantaaste wurdt.

Ofrûne snein stjoerde tv-programma Zembla in dokumintêre út oer de oven fan ôffalferwurker Omrin. De programmamakkers setten fraachtekens by de gefaarlike stoffen út de piip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)