SP kart optreden Galema ôf

18 okt 2008 - 12:22
  • Deputearre Galema

De SP-steatefraksje kart it optreden fan deputearre Galema yn de diskusje oer de weryndieling ôf. De partij easket opheldering oer de gong fan saken. De twingende toan en driigjende taal fan Galema stean de SP tsjin.

De partij wol fan deputearre Galema wite hoe fier't er gean sil mei it oplizzen fan in weryndieling. Gaasterlân-Sleat wol mei Lemsterlân en Skarsterlân fierder, mar Galema wol dat Gaasterlân-Sleat oanslút by de oare Súdwesthoeke-gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)