SP hâldt flashmob op It Fean

28 maaie 2011 - 16:41
  • Foto: Gerke Kok

Yn it drokke sintrum fan It Hearrenfean is sneon in flashmob hâlden troch de SP. Dy wie bedoeld as protest tsjin de besunigings fan it ryk op de jeugdsoarch, sosjaal wurk en de bystân. By in flashmob komt in grutte groep minsken byelkoar om ynienen wat aparts te dwaan.

Nei de flashmob giene de SP'ers mei protestbuorden en in soad leven troch it sintrum. Neffens de partij ha in soad minsken noch net yn de gaten wat de gefolgen binne fan de besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)