SP: gjin wachtjild steateleden

17 okt 2003 - 00:00

Ald-steateleden dy't in eigen ynkommen ha, moatte net mear yn oanmerking komme foar wachtjild. Dat fynt de steate-fraksje fan de SP. De partij stelt der fragen oer oan it kolleezje fan deputearre steaten.

De SP docht dat nei oanlieding fan it nijs juster by Omrop Fryslân dat 23 âld-steateleden gebrûk meitsje fan de wachtjildregeling. It is net bekend hoefolle fan har dêrnjonken noch in baan ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)