SP-er sjocht earst ôf fan sit

24 mrt 2014 - 08:37
  • SP

Marjan Wieldraaijer, de nûmer fiif op de kieslist fan de SP yn Smellingerlân, sjocht foarearst ôf fan har riedssit yn de gemeenteried. Wieldraaijer skode op nei it fjirde plak omdat se 435 foarkarstimmen krigen hie.

De SP yn Smellingerlân helle foarige wike by de gemeenteriedsferkiezings fjouwer sitten. De partij hat besletten om de kieslist oan te hâlden. Dat betsjut dat Paul van Dijk, de nûmer fjouwer op de list, in plak yn de ried nimme sil. Marjan Wieldraaijer komt wol wer yn byld as de SP in wethâlder leveret oan it nij kolleezje.

Dy ûnderhannelingen begjinne no woansdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)