SP-aksje tsjin earmoed

03 des 2012 - 14:29
  • De SP-aksje tsjin earmoed by it provinsjehûs

De leden fan 'e SP yn Fryslân hawwe oan it begjin fan 'e middei in aksje hâlden by it provinsjehûs yn Ljouwert. Foar de yngong waarden lege berneskuontjes delset as symboal foar bern dy't yn earmoed opgroeie. Neffens de SP binne der yn Fryslân 5000 bern dy't yn húshâldings wenje mei hast gjin ynkommen.

De SP wol dat Ryk, provinsjes en gemeenten mear each ha foar berne-earmoed en it oplossen dêrfan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)