Sotsji: Yvonne Nauta

03 feb 2014 - 12:39
  • Yvonne Nauta

It is noch fjouwer dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Yvonne Nauta (22 jier, Twellingea, reedride).

Yvonne Nauta belibbe yn desimber 2013 in heftich Olympysk kwalifikaasjetoernoai op har thúsbaan op It Hearrenfean. Se pleatste har foar de 5000 meter yn Sotsji, mar it startbewiis op de 3000 meter gong oan har noas foarby. Dy ferrekte rare wiksel op de krusing mei Linda de Vries koste har folle mear as de 0.03 sekonde dy't se no tekoart kaam. Op it Europeesk kampioenskip yn Hamar op 11 en 12 jannewaris fan dit jier wie Nauta yn topfoarm. Achter kampioene Ireen Wüst waard se twadde yn it einklassemint, mei toptiden en poadiumplakken op de 1500, 3000 en 5000 meter.
Twa dagen nei har Olympyske 5000 meter wurdt Yvonne 23 jier.

Yvonne Nauta rydt yn Sotsji de 5000 meter. Sjoch hjir nei it profyl fan Sjinkie Knegt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)