Sotsji: Sjinkie Knegt

02 feb 2014 - 11:29
  • Sjinkie Knegt

It is noch fiif dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Sjinkie Knegt (24 jier, Bantegea, shorttrack).

Sjinkie Knegt rekke yn de oanrin nei de Olympyske Spelen yn opspraak, doe't er by it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Dresden op it lêste ûnderdiel (de ôflossing) mei de beide middelfingers omheech yn 'e loft oer de einstreek gong. De frustraasje, omdat it net slagge sa't hy it woe, kaam him ta de earen út. De medaljes dy't er helle hie, moast er wer ynleverje. Knegt, de Europeesk kampioen fan 2012, hat dat akkefysje al lang wer loslitten en rjochtet him op de ôfstannen dy't er ride moat. Belangryk ûnderdiel is de ôflossing mei de Nederlânske ploech. Mei Daan Breeuwsma, Niels Kerstholt, Freek van der Wart en Sjinkie Knegt hat ús lân in sterk kwartet.

Sjinkie Knegt rydt yn Sotsji de 500, 1000, 1500 en 5000 meter ôflossing.

Sjoch hjir nei it profyl fan Marrit Leenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)