Sotsji: Jorrit Bergsma

27 jan 2014 - 12:03
  • Jorrit Bergsma

It is noch alve dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Jorrit Bergsma (28 jier, Aldeboarn, reedride).

Jorrit Bergsma is de man fan de lange azem. Yn 2010 en 2012 waard er Nederlânsk kampioen 100 km op natoeriis. Op de Eastenrykse Weissensee wûn er de alternative Alvestêdetocht (2010) en it iepen NK oer 100 km (2013). De trochbraak op de langebaan begûn mei twa kear brûns op de 5 en 10 kilometer by it NK ôfstannen yn 2011. Yn de jierren dêrnei swile Jorrit it goud, sulver en brûns byelkoar op it NK op de beide lange ôfstannen. Op it WK ôfstannen fan 2012 yn Thialf waard er twadde op de 10 km. In jier letter yn Sotsji wûn de Boarnster goud op de 10 km en sulver op de 5000 meter. Boppedat waard Jorrit Bergsma winner fan de wrâldbeker op de lange ôfstannen.

Jorrit Bergsma rydt yn Sotsji de 5000 en de 10000 meter en is lid fan de Nederlânske efterfolgingsploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)