Sotsji, dei 9: shorttrack

15 feb 2014 - 07:12
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt giet sneon op jacht nei in medalje. Yn it Iceberg Skating Palace stiet de 1000 meter op it programma. De 1500 meter ferrûn foar de Bantegeaster net goed. Hy waard al betiid útskeakele. No is it kâns om revâns te nimmen. Tongersdei pleatste Knegt him al foar de kwartfinale. Sneon wurdt dy, de heale finale en de finale ferriden. De wedstriden begjinne om 11.45 oere. De finale stiet krekt nei ienen op de planning.

Letter op 'e middei, om 14.30 oere, begjint yn de Adler Arena de 1500 meter reedriden foar manlju. Ynearsten soe Sven Kramer hjir oan meidwaan, mar dy sei ôf. Hy wol him hielendal rjochtsje op de 10 kilometer en de ploege-achterfolging. Jan Blokhuijsen is syn ferfanger. Der komme op dizze ôfstân gjin Friezen yn aksje.

Moarn mear oer de 1500 meter foar de froulju en it bobslydzjen.

Sjoch hjir foar it skema fan de 1000 meter shorttrack.

Sjoch hjir foar it skema fan de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)