Sotsji, dei 8: rêstdei

14 feb 2014 - 09:57
  •  Ireen Wust (L) Hong Zhang (M) Margot Boer (R)

It is hjoed in rêstdei foar de Nederlânske sporters. Der komt gjinien yn aksje. Wol is der de offisjele huldiging fan de medaljewinners fan de 1000 meter fan juster: Ireen Wüst en Margot Boer.

Op Medal Plaza krijt Wüst de sulveren medalje en Boer de brûnzen medalje omhongen. De seremoanje begjint om 17.30 oere Nederlânske tiid. Foar Margot Boer sitte hjirmei de Spelen der op.

Moarn alles oer de 1000 meter shorttrack en 1500 meter reedriden foar de manlju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)