Sotsji, dei 5: 500m froulju

11 feb 2014 - 06:02
  • Marrit Leenstra
  • Margot Boer yn Sotsji

Op dizze 5de dei fan de Olympyske Spelen yn Sotsji is it de beurt oan Marrit Leenstra fan Wikel en Margot Boer út Goaiïngaryp. Foar beide stiet de 500 meter op it programma. Lykas by de manlju ride dielnimmers de ôfstân twa kear en it begjint om 13.45 oere Nederlânske tiid.

Foar Marrit Leenstra is it de earste kear yn har sportkarriêre dat se yn aksje komt op de Olympyske Spelen. Se waard yn 2013 noch sprintkampioene fan Nederlân. It binne foar Margot Boer de twadde Winterspelen.

Fjouwer jier lyn yn Vancouver waard se fjirde op de 500 en 1500 meter en sechsde op de 1000 meter. Boer is de trijefâldich sprintkampioene fan Nederlân. Woansdei komme gjin Friezen yn aksje. Dan stiet de 1000 meter reedriden foar manlju op it programma.

Sjoch hjir foar it skema fan de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)