Sotsji, dei 17: bobslydzjen

23 feb 2014 - 08:33
  • Se binne der klear foar yn Sotsji

De lêste dei fan de Olympyske Spelen yn Sotsji is yngien. Snein mar ien sportûnderdiel op it programma: de fjouwermansbob. Dêrûnder ek it Nederlânske team mei piloat Edwin van Calker en remmer Sybren Jansma fan De Pein. Sneon makke it team har earste twa runs en snein run trije en fjouwer.

Dêrnei wurde de medaljes ferdield. De wedstriid begjint om 10.30 oere. It team Van Calker hat noch wat rjocht te setten. Yn 2010 yn Vancouver kaam de fjouwermansslide net oan de start omdat Van Calker de baan net feilich genôch fûn.

It team Van Calker stiet no 12e, nei twa runs. De Russen gean oan de lieding. Dêrmei sitte de 22ste Winterspelen derop. De slutingsseremoanje begjint om 17.00 oere. It is de meast suksesfolle edysje ea foar Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)